FNP wol sâltwinning stillizze

03 mrt 2006 - 13:50
Foto: Omrop Fryslân

De FNP-steatefraksje wol de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân foarearst stil lizze. Neffens de FNP is der noch net genôch dúdlikens oer de gefolchen fan de winning en moat der earst fierder ûndersyk dien wurde. Sa is noch ûnwis at de winning soarget foar tefolle fersilting fan it grûnwetter.

Om't it Noardwesten in wichtich bougebiet is, moat neffens de FNP de kwaliteit fan it wetter goed yn de gaten hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)