Museum rekket sparjild kwyt

© Omrop Fryslân
It Jopie Huismanmuseum yn Warkum is in grut part fan syn sparjild kwyt, omdat it gjin subsydzje krijt. It museum sparre seis ton by elkoar. Neffens de belestingen giet in om winst en moat der gewoan belesting oer betelle wurde.
Hie it museum sybsydzje oanfrege en de sinten opmakke, dan hie der neat te rêden west. It Jopie Huismanmuseum hat no subsydzje oanfrege by de provinsje. De provinsje soe hjir wol foar iepen stean.