Keunst yn koepel fan de bank

© Omrop Fryslân
Yn de Friesland Bank yn Ljouwert is meikoarten keunst te sjen. It gebou mei de byldbepalende koepel is alle lêste freden fan 'e moanne iepen foar publyk.
Gertjan Scholte út Ljouwert is as earste keunstner oan bar. Syn skilderijen binne oare wike te sjen. De bank sjocht it as syn taak om de keunst te stypjen. De bank wol gjin konkurrint fan galerys wêze. Dêrom rint de ferkeap fan de keunstwurken fia de galerys fan de keunstners.