2 jier sel foar kealskeare frou

03 mrt 2006 - 08:25

De rjochtbank yn Ljouwert hat tongersdei in 32-jierrige man út Driezum en in 31-jierrige frou út Bûtenpost ta 2 jier selstraf feroardiele foar frijheidsberôving en mislediging. Se hiene yn oktober 2005 yn Dokkum in 21-jierrige frou nei in hûs lokke en kealskeard.

It Iepenbier Ministearje woe de twa feroardielje foar 'poging ta deaslach'. Dat koe de rjochter net bewize. It OM giet mooglik yn berop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)