Akkoart oer boukavels Ljouwert

03 mrt 2006 - 06:39

Boubedriuw Tadema hat in akkoart berikt mei de gemeente Ljouwert oer boukavels yn de wyk Suderbuorren. Direkteur Hans Tadema hat tongersdei oerlis hân mei wethâlder Roel Sluiter.

Under de strange betingst dat Tadema dit jier wenningen bout op de kavels, sil Sluiter it weromfoarderjen fan de kavels ynlûke. Neffens it boubedriuw is al santich persint fan de kavels ferkocht en kin der fluch útein setten wurde mei de bou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)