'Ferkiezingsboerd moat fuort'
It CDA en GB Menameradiel wolle dat in ferkiezingsboerd by Schatzenburg fuorthelle wurdt. It boerd is der delset troch eigner Van Booma. Hy hat der op set dat de boargers yn Menameradiel is bêste op CDA en GB stimme kinne, want dy steane achter de deal tusken gemeente en Schatzenburg.
CDA en GB binne net wiis mei dizze oprop fan Van Booma.