CDA wol kapfergunning ôfskaffe

© Omrop Fryslân
It CDA-Ljouwert wol de kapfergunnings ôfskaffe. Foardat in beam delhelle wurdt, moat dêrfoar earst tastimming frege wurde by de gemeente. De oanfraach en de behanneling kostet jild en de nedige tiid.
In soad minsken hawwe dêr argewaasje fan, ek omdat faak it om gewoane beammen yn 'e eigen tún giet. Yn plak fan in kapfergunning moat der in list komme mei weardefolle beammen.