ONS Snits útskeakele yn de beker

© Omrop Fryslân
ONS Snits is útskeakele yn de beker. De haadklasser ferlear woansdei yn Snits mei 0-4 fan HZVV. Healwei wie it 0-1 foar HZVV. Nei de rêst bouwde de earsteklasser de foarsprong binne 12 minuten út nei 0-4. ONS Snits spile mei in kombinaasje fan spilers fan de earste seleksje en dy fan it twadde.
Yn de kompetysje stiet ONS Snits wol op it earste plak mei njoggen punten foarsprong op nûmer twa de Harkemase Boys.