Oanridings troch glêdens

02 mrt 2006 - 12:19

De sniefal fan woandsdeitejûn en -nacht soarge tongersdeitemoarn foar glydpartijen yn it ferkear. De plysje meldt in seistal oanridings op de Fryske diken. Dêrby wie inkeld materiële skea.

De ûngelokken diene harren rûnom yn de provinsje foar. It ferkear moat net te hurd ride, sa warskôget de plysje. Benammen de op - en ôfritten fan de autodiken binne glêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)