Falske bommelding Arriva-bus

02 mrt 2006 - 11:41
Foto: Omrop Fryslân

Yn in bus fan Arriva is woansdeitemiddei in fertocht pakketsje fûn. Yn bus 14 fan Drachten nei Ljouwert lei in boek mei in pear triedsjes derút. Omdat it om in bom gean koe, is de bussjauffeur trochriden nei it stasjon yn Ljouwert. Dêr is de bus ûndersocht troch de plysje.

Nei in pear oeren waard dúdlik dat it om in grap gie. De plysje hat gjin idee wa't ferantwurdlik is foar it nepbom.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)