Passantegebou Skylge grutter

02 mrt 2006 - 10:57

It havengebou yn de jachthaven op Skylge wurdt noch foar de simmer fergrutte en opknapt. Der komme bettere foarsjennings foar de wettersporters. It iepen middengedielte wurdt oerkape, sadat der mear romte is.

Nij yn it gebou is in ynternetromte dêr't de wettersporter e-mails skriuwe en dingen opsykje kin. Fierders komt der ek in meteostasjon om it waar yn 'e gaten te hâlden. De ferbouwing moat yn maaie klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)