"Plattelânsprojekten belangryk"

© Omrop Fryslân
Fryslân hat de lêste pear jier hast 250 miljoen euro ynvstearre yn plattelânsprojekten. It giet om hast 1000 projekten dêr't jild yn stutsen is. It grutste plan is it Frysk Marreprojekt.
Neffens de provinsje binne de ynvestearringen goed foar de leefberens. It stimulearret minsken om meiïnoar dingen op poten te setten, sa seit deputearre Andriesen. Der lizze noch oanfragen foar 900 projekten.