Megawynmoles yn Dongeradiel

02 mrt 2006 - 10:27

De gemeenteried fan Dongeradiel hat ynstimd mei de komst fan seis megawynmûnen fan 120 meter heech. Se moatte komme oan de Lauwersseewei tusken Dokkum en Mitselwier. De molens ferfange de 19 lytsere molens yn de gemeente.

Ynwenners fan Dongeradiel kinne oandielen keapje en der sa oan fertsjinje. In aksjegroep sil beswier oantekenje, omdat se fine dat de moles it lânskip oantaaste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)