Schatzenburg ynset ferkiezings
Eigner Ron van Booma fan rekreaasjesintrum Schatzenburg by Menaam mingt him op 'e nij yn de ferkiezingsstriid yn Menameradiel. Hy hat hûs-oan-hûs in oprop ferspraat om op it CDA of op Gemeentebelangen te stimmen. Dy partijen stypje syn plannen mei it swimbad yn Menaam.
De partijen binne lykwols net bliid mei de ferkiezingsaksjes fan Van Booma.