Talintedei by SC Heerenveen

02 mrt 2006 - 10:24

Fuotbalje yn it Abe Lenstra-stadion, dêr dreame guon fan. De jeugd út Fryslân en omkriten hat woansdei de kâns krigen om har te bewizen op de talintedei fan Sportclub Heerenveen.

Alle jierren krije de E- en F-pupillen de kâns om sjen te litten hoe goed sy binne. As sy gelok hawwe, dan meie de spilers miskien oait wol meifuotbalje mei de jeugdteams of komme se oait yn de earste seleksje. Dizze moanne wurde noch trije fan sokke testdagen hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)