Undernimmers moatte gearwurkje

© Omrop Fryslân
Rekreaasjeûndernimmers yn Boarnsterhim wurkje net goed gear en tinke te lyts. Dat seit plakferfangend foarsitter Evert Wind fan de Keamer fan Keaphannel.
Wylst de groei yn Boarnsterhim stagnearre, groeide de sektor mei hast 5%. Dat hat grutte gefolgen foar de ynkomsten en de wurkgelegeheid. Fierdere gearwurking mei de gemeente Ljouwert en in nije promoasjenamme soe de regio in ympuls jaan moatte.