GGD yn aksje tsjin fersmoarging

© Omrop Fryslân
GGD Fryslân kin tenei earder yngripe by minsken dy't der yn hûs in bende fan meitsje. De gemeente Ljouwert en GGD Fryslân ha dêr woansdei ôfspraken oer makke.
Faak komt it foar dat dy minsken net frijwillich meiwurkje wolle oan de oanpak fan it probleem. De gemeente moat dan ynset wurde om se út hûs te pleatsen. Mei de ôfspraken dy't no makke binne, moat dat tenei in stik makliker wurde.