Tsjerke Lollum siket sjongers

19 mrt 2012 - 10:15
Foto: Google Streetview

De organisaasje fan de Lollumer muzykmaraton is op syk nei sjongers. It kommende wykein wurdt yn de grifformearde tsjerke fan Lollum 24 oeren achter elkoar live muzyk makke foar it goede doel.

It is de bedoeling dat op sneintemoarn safolle mooglik minsken alle 66 kûpletten fan Psalm 119 sjonge. De opbringst fan de Lollumer muzykmaraton giet nei in tehûs foar hendikepte bern yn Tadzjikistan.

Trefwurden: 
tsjerke muzykmaraton Lollum
(Advertinsje)
(Advertinsje)