CWI: fraach en oanbod ambachten

© Omrop Fryslân
It CWI yn Drachten krijt in spesjaal servicepunt foar ambachten. Guon fakslagerijen, opticiens, mar ek klokkemakkers en bakkers hawwe te krijen mei in tekoart oan personiel. By it servicepunt kinne sawol wurkjouwers as wurknimmers telâne.
Doel fan it servicepunt is net allinnich it finen en oplieden fan nij personiel, ek it imago fan de ambachten moat dermei ferbettere wurde.