Potten Snits fierder opknapt

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits kin los mei de folgjende fase fan de werynrjochting fan rekreaasjegebiet de Potten. Underdiel dêrfan is it opknappen fan it starteilân. Dat is it sintrum fan alle syl-aktiviteiten op de Snitsermar. Der komt ûnder oare in gruttere haven.
Fierder wurdt it rekreaasjeterrein opknapt, wurde de húskes oanpakt en wurdt de kanorûte útwreide. De plannen kostje mei elkoar 7,6 miljoen euro. Alles moat mids 2008 klear wêze.