Fûgelgryp-rommers yninte

01 mrt 2006 - 12:43

GGD Fryslân set tiisdei útein mei it ynintsjen fan minsken dy't by in mooglike útbraak fan fûgelgryp meihelpe sille by it romjen fan fûgels. De takomstige rommers krije in gewoane grypprik en net in prik tsjin it fûgelgrypfirus sels. It ynintsjen fan de rommers is oplein troch it regear.

Allinnich minsken dy't in grypprik hân ha, meie helpe. Yn Fryslân sille foarearst tusken de 15 en de 20 minsken ynsetten wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)