Ferkeap Adverium giet net troch

© Omrop Fryslân
De ferkeap fan it Drachtster Adverium troch de Friesland Bank oan wenningbouferiening Smellingerlân giet net troch no 't der gjin huzen komme meie. De gemeente Smellingerlân hat tiisdei besletten de bou fan goed njoggentich wenten dêr net ta te stean.
Dat hie de wenningboustifting wol yn 't foar as betingst steld. It Adverium waard eartiids boud as sintrum foar duorsum bouwen en wenjen yn Fryslân. Dizze formule wie lykwols gjin sukses.