McDonalds Goutum oare wike iepen

01 mrt 2006 - 11:28

De McDonalds by Goutum giet takom wike tongersdei wer iepen foar publyk. De festiging baarnde ferline jier oktober ôf. In man út Frjentsjer (26) hat de brânstichting bekend. Hy wie te sjen op bylden fan in bewakingskamera.

It nije gebou is inkelde meters grutter as it âlde restaurant. Sneon alve maart wurdt de iepening fierd mei aktiviteiten en de komst fan de Ronald McDonald-clown.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)