Flyers winne earste duel

01 mrt 2006 - 11:14

De Vadeko Flyers hawwe tiisdeitejûn de earste wedstriid yn de heale finale fan de play-offs mei 7-4 fan Smoke Eaters Geleen wûn. De Flyers kamen op foarsprong, mar Geleen kaam hieltiid wer goed werom. It bleaun dan ek spannend oan't fiif minuten foar de ein, doe't de Flyers útrinne koene fan 5-4 oant de 7-4 einstân.

Perioadestannen wiene 3-2, 1-0 en 3-2. Snein spylje de Flyers yn Geleen de twadde wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)