Wytmarsum wol mear toeristen

01 mrt 2006 - 11:12

Wytmarsum wol mei de bou fan ûnder oare in multifunskjoneel sintrum mear toeristen nei it doarp lûke. Op it stuit binne der eins gjin toeristyske foarsjennings yn it doarp en mei de komst fan it ynternasjonale Menno Simonsz-sintrum sille der ynkoarten al 15.000 minsken yn it jier komme.

In nije stifting sil no besjen wat de mooglikheden binne om dy minsken ek nei it doarp sels komme te litten. Tocht wurdt ûnder oare oan boattochten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)