Oerol wol kultuersintrum Skylge

01 mrt 2006 - 10:49

Op Skylge moat in Kultuersintrum komme, sa wol de stichting Oerol en it kultureel garânsjefûns op it eilân. Yn in brief oan it gemeentebestjoer stelle se dat sa'n sintrum yn ekonomysk en kultureel opsicht belangryk is foar it eilân. It imago fan Skylge as eilân fan kultuer en natuer wurdt sa fersterke.

It Kultuersintrum is bedoeld foar teater, muzyk en film, mar it kin ek ferhierd wurde foar kongressen en kulturele aktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)