'Bestjoer Rabobank moat fuort'

01 mrt 2006 - 07:10

Meiwurkers fan Rabobank De Lauwers yn Surhústerfean wolle dat it bestjoer fan de bank ôftreedt. Se binne tsjin de fúzje mei de Rabobank Noardeast-Fryslân, want dat kin liede ta reorganisaasjes en ûntslaggen.

Ferline wike stapte de algemien direkteur fan Rabobank De Lauwers op fanwege in mieningferskil oer de fúzje. De meiwurkers fan de bank hawwe op in personeelsgearkomste it fertrouwen yn it bestjoer opsein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)