Venema net mear yn aksje

© Omrop Fryslân
Cambuur-ferdigener Ronny Venema sil net mear meitraine mei de earste seleksje. Venema krige ferline wike spul mei trainer Roy Wesseling en waard fan de training stjoerd. Ronny Venema soe tidens in besprekking him net goed gedroegen ha. Nei in petear tusken beide die bliken dat der gjin basis mear is foar gearwurking.
Dat betsjut dat Venema net mear yn aksje komt. Syn kontrakt rint oan de ein fan it seizoen ôf.