Boete foar Nazy-beskuldiging

© Omrop Fryslân
Geert Mast fan Aldelemmer hie in ynspekteur fan de bistebeskerming net yn ferbân bringe mocht mei nazy's. Mast sei ferline jier jannewaris yn it programma Brekking dat ynspekteur Hoekstra nazypraktiken útfierde. Hoekstra besocht fee yn beslach te nimmen yn Jorwert.
Boerinne Kingma drige harsels doe yn de brân te stekken. Mast hat fan de plysjerjochter in boete krigen fan 200 euro.