Mylpeal foar Broeretsjerke

© Omrop Fryslân
De Broeretsjerke yn Boalsert is wer in stapke tichter by de folsleine oerkaping. Tiisdei is it earste diel fan de izeren konstruksje pleatst dêr't de glêzen platen op komme te lizzen. Oer trije wike moat de hiele izeren konstruksje der lizze. As de platen ek teplak lizze, is de Boalserter tsjerke de earste mei in glêzen dak.
De tsjerke baarnde yn de jierren tachtich út. Sûnt dy tiid is er in ruïne.