Sparje foar teaterkaartsjes

28 feb 2006 - 15:38
Foto: Omrop Fryslân

De Harmonie yn Ljouwert hat in nij sparsysteem foar fêste besikers. Leden fan de freoneclub kinne mei in digitaal paske punten sparje foar koartings op tagongskaartsjes. De skouboarch yn Ljouwert is de earste yn Nederlân mei sa'n sparsysteem.

Doel is mear bining mei de besikers, útfine hoefaak minsken nei it teater gean en hokker foarstellings populêr binne. De nije sparpas wurdt mei in kampanje foar it fuotljocht brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)