Enna: 60 fan 'e 90 banen fuort
Spuitbussefabrikant Enna Aerosols yn Dokkum is oernommen troch in groep ynvestearders, mar 60 fan 'e hast 90 wurknimmers binne har baan kwyt. Ien fan de ynvestearders is Ad Vossenaar út Tiel. Vossenaar hat in eigen konsultensyburo. De oaren wolle foarearst anonym bliuwe.
Fierder is ek âld-wurknimmer Harm Wondaal aktyf by de trochstart belutsen. Hy en Vossenaar sille it earste healjier de direksje fiere.