'Gaudi-wennings' by Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Yn Skoatterwâld by It Hearrenfean komme ynkoarten hûzen yn in soart Gaudi-styl te stean. De hûzen en it park deromhinne foarmje it diel fan de wyk dat Heerenwoud neamd wurdt. Krekt as yn it neistlizzende Zwanenwoud betsjut dat wenjen yn bysûndere hûzen yn in griene omjouwing.
De bou begjint fan it hjerst. Moandei is it bouboerd foar Heerenwoud ûntbleate, troch wethâlder Bouwers fan It Hearrenfean.