Olympyske sporters werom
Se binne as helden wer yn Nederlân werom kaam; de Nederlânske Olympyske sporters. Yn Swolle stiene der moandeitejûn in grut tal supporters de helden út Turijn op te wachtsjen.
Yn in lúkse trein kamen se allegear oan en dêr wie in hiel spektakel foar de Olympyske dielnimmers regele. Kabaratier Najib Amhali presintearre it evenemint en rappers Lange Frans en Baas B en sjonger Xander de Buisonjé fleurden it hiele gebeuren op.