Nij gebou HCL yn Ljouwert

28 feb 2006 - 09:44

It nije Histoarysk Sintrum Ljouwert krijt in grut ûndergrûns depot. Dêryn kin it sintrum mear as 8,5 kilometer oan argyfmateriaal kwyt. It HCL sit no noch yn de Grutte Tsjerkestrjitte, mar hat in grut tekoart oan romte. Oan de Grienewei wurdt foar 5,5 miljoen euro in nij sintrum boud.

De bou set yn april út ein, mar moandeitemiddei waard alfêst in grut boerd mei ynformaasje oer de bou ûntbleate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)