Jeugdtrainers fuort by Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur moat op syk nei twa nije jeugdtrainers. Onclin fan de A-junioaren en haad jeugdopliedings Frankena gean oan 'e ein fan it seizoen fuort.
Frankena kin syn wurk by Cambuur net mear kombinearje mei it trainerskip fan sneonsearsteklasser SDS Easterein. Hy bliuwt wol oan adviseur. Onclin wol leaver mei senioaren wurkje. Trainers Jan Bruin, Lykle Bleekveld en Gerrie Schouwenaar bliuwe wol by Cambuur.