Man krijt seis kear dien

27 feb 2006 - 17:35

De behearder fan it wyksintrum Camminghabuorren yn Ljouwert hat foar de sechde kear yn fjouwer jier dien krigen foar deselde baan. Koos de Vries wurket al sûnt 2002 as behearder yn it wykgebou. Troch feroarings yn de wize fan subsidiearjen fan de wykgebouwen waard de baan fan de Vries in soarte fan jojo.

De lêste twa jier betellet stifting Palet it salaris. Mar omdat de subsydzje ophâldt, ferfalt de baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)