Skoalle Drachten moat nij gebou

27 feb 2006 - 16:27

Basisskoalle 't Foarhûs yn Drachten hat nei alle gedachten in nij lokaal nedich. Sneon ha bern fan de skoalle in fjoerke stookt by it bygebou. Dat rûn sa út de hân dat it fjoer him oer it hiele lokaal útwreide. It lokaal wie noch gjin moanne yn gebrûk en is swier skansearre.

De plysje hat de bern op it buro oansprutsen op harren gedrach. Ek de âlders en de skoalle ha der noch mei har oer praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)