Himpplantage oprôle yn Ljouwert
De plysje hat sneon 154 wytplanten út in wenning oan de Essenstraat yn Ljouwert helle. Essent en in ynstallaasjebedriuw wiene by de wenning om't der in stroomsteuring wie. Doe't se in sterke wytlucht fernamen, is de plysje ynskeakele.
Omrin hat de planten ferneatige. Letter koe de bewenners, in 33-jierrige Ljouwerter, ek oanhalden wurde.