Ritsma wol bobber wurde

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma sil besjen oft er ek in talint hat foar de bobslidesport. Nei oan fiif Olympyske Spelen mei te dwaan as reedrider is de kâns grut dat er der oer 4 jier net mear by is.
Bobslydzje soe in mooglikheid wêze om noch in kear mei te dwaan. Arend Glas hâldt der mei op en chef de mission Eddy Verheijen sjocht yn Ritsma in mooglike opfolger. Ritsma hat al ôfpraat om in pear kear te oefenjen om te sjen oft er ek bob-talint hat.