AID sil ophokplicht ôftwinge

27 feb 2006 - 11:30

De AID sil fan moandei ôf optrede tsjin plomfeehâlders dy't har bisten noch net goed ôfskerme ha. Oertreders fan 'e ophokplicht krije fuortendaliks in twangsom oplein. Dat hat de AID snein besletten, omdat de driging fan in útbraak fan fûgelgryp noch hieltiten tanimt. De AID sil no stranger optrede as by de tydlike ophokplicht yn 2005.

Hobbyboeren dy't ferline wike noch net foldiene oan de rjochtlinen kinne op 'e nij besite fan 'e AID ferwachtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)