Gouden Ljipaai fan Vroege Vogels

© Omrop Fryslân
Radioprogramma Vroege Vogels hat in priis útroppen foar de finer fan it earste Fryske ljipaai, op betingst dat dy it aai yn it lân lizze lit. Vroege Vogels makke sneintemoarn de ynstelling fan it Gouden Ljipaaike bekend. "No't it min giet mei de greidefûgels is it achterhelle om it earste ljipaai as trofee mei te nimmen", sa motivearret Joost Huijsing de nije priis.
It Gouden Ljipaaike bestiet út in broche of spjelde fan 14-karaats goud.