Team-Glas wurdt 16de

26 feb 2006 - 16:54

Arend Glas en Sybren Jansma binne mei de fjouwermansbob as sechtjinde einige by de Olympyske Spelen yn Turijn. De lêste run gie sneon goed, want Glas en syn maten einigen dêryn as tolfde. In hegere posysje as it 16de plak siet der lykwols net mear yn nei de minne twadde run op freed. Earder einigen Glas en Jansma as 19de mei de twamansbob.

Glas fynt dat de bobsport yn Nederlân net genôch wurdearre wurdt. Glas hat as amateur meidien oan de Spelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)