Snits fierder nei penalty's

26 feb 2006 - 12:15

Yn 'e tredde ronde fan it bekerfuotbal spile sneins haadklasser Snits sneon yn Emmeloard gelyk tsjin Flevo Boys. Nei 90 minuten fuotbal wie it 1-1. Foar Snits skoarde Kevin Koenen. Omdat de Snitsers better wiene yn it nimmen fan de penalty's, giet Snits troch nei de fjirde ronde.

De Drachtster Boys hie gjin problemen mei Blau Wyt '34 út Ljouwert; 3-1. De Harkemase Boys wiene te sterk foar Bakkefean. Yn Bakkefean waard it 0-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)