Aggemabokaal foar Van der Winden

© Omrop Fryslân
Henk van der Winden hat sneon yn it stedhûs fan Snits de Aggema Bokaal krigen fan Prins Richard den Eerste. De ald foarljochter fan Snits krige de fel begeerde bokaal fan karnavalsferiening de Oeletoeters.
Van der Winden hat 33 jier gemeentefoarljochter west en wie al dy tiid in wichtige skeakel tusken de boargers en it gemeentebestjoer. Njonken de bokaal krige Van der Winden in betinkingsboerd.