Sven Kramer hellet gjin medaille

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat hat op de 10.000 meter op de Olympyske Spelen yn Turijn gjin medaille helle. Op de slotôfstân ride de Fries in tiid fan 13.18.14. It wie, sa die letter bliken, goed foar it sande plak.
Kramer 'baalde' der neffens eigen sizzen geweldich fan dat syn tsien kilometer net better rûn. Hy sei nei ôfrin gjin idee te hawwen wêrom as dat sa wie. Yn 'e rin fan 'e race rûnen de rondetiden fan Kramer te bot omheech.