Broeretsjerke tiisdei oerkape

© Omrop Fryslân
De Broeretsjerke yn Boalsert krijt tiisdei lang om let in glêzen oerkaping. De kap moat de 13e-ieuske ruïne beskermje tsjin waarsynfloeden. Yn 1980 rekke de tsjerke bot fernield troch in grutte brân. It dak gie folslein ferlern. Dêrtroch koe de tsjerke de ôfrûne 25 jier net brûkt wurde. Mei de nije sweefjende oerkaping moat dat wol wer kinne. De muorren binne ek ferstevige. Yn septimber moat de folsleine restauraasje klear wêze.