Joadenhelpers eare yn museum

25 feb 2006 - 11:13

Alle Friezen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch Joaden holpen hawwe, wurde sûnt freed eare yn it Verzetsmuseum yn Ljouwert. Har nammen binne te lêzen op in paniel yn it museum. Se ha de Yad Vashem-ûnderskieding krigen. Dat is de heechste ûnderskieding is foar minsken dy't it libben fan Joaden rêden hawwe.

Yn it museum wie ek de 73-jierrige Loek Groenteman te gast. Hy is as jonkje yn de oarloch rêden troch it echtpear Visser út Ychten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)