Tal melkfeebedriuwen rint werom

25 feb 2006 - 10:42

Yn Fryslân binne yn 2015 noch mar goed 2.000 melkfeebedriuwen. Yn 2004 wiene dat der noch mear as 3.300. Dat hat lânbou-ekonoom Cees van Bruchem berekkene op grûn fan in resint rapport fan minister Veerman fan Lânbou.

Yn it rapport stiet dat oer it generaal 20% fan de lânboubedriuwen yn Nederlân ferdwine sil. At de oerheid de lânbou noch minder stipet, sil dat proses noch hurder gean. Neffens Van Bruchem sil de molkpriis ek noch fierder sakje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)