200 reaksjes op rapport Waadsee

25 feb 2006 - 10:42

It ministearje fan VROM hat dik 200 reaksjes krigen oer de tredde nota Waadsee. Dêr stiet yn wat der allegear wol of net mei yn it Waadgebiet, fan bygelyks definsje-aktiviteiten oant in mooglik ferbod op wetterskye.

Yn jannewaris koene alle eilânbewenners op ynspraakjûnen har reaksje jaan. Dy wurde allegear beoardiele en dêrnei besjocht it kabinet oft der oanlieding is de nota Waadsee oan te passen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)